Deadlik ûngemak by Wommels

09 jul 2000 - 19:46

In man is freedtejûn by in auto-ûngemak om it libben kommen. It slachtoffer seach by it ynheljen op de Westergoawei yn Wommels de him yn de mjitte kommende auto's oer de holle.

Mei de twadde tsjinlizzer kaam de automobilist frontaal yn botsing. De bestjoerder fan dy wein is mei slimme ferwûnings nei it sikehûs brocht. Fan beide persoanen is de identiteit ûnbekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)