Deadlik ûngemak op de A7

25 sep 2003 - 00:00

In 26-jierrige automobilist út Deventer is woansdei om it libben kaam by in ûngelok op de A7 by Tsjalbert. Twa ynsittenden, in plakgenoat en in frou út Swolle, rekken licht ferwûne.

De man stie yn de file dy't ûntstien wie troch wurk oan de dyk. In oare bestjoerder seach de file te let en botste fan achteren op de auto fan de Deventer. It slachtoffer waard dêrtroch lansearre en wie op slach dea. De passazjiers lizze yn it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)