Deadlik ûngemak

31 jul 2000 - 12:55

In 53-jierrige man fan It Hearrenfean is sneintemoarn by in auto-ûngemak om it libben kommen. De merkkeapman wie mei syn bestelbus op wei nei Lauwerseach.

Nei alle gedachten krige de bestelbus in klapbân. It buske bedarre op de kop op de fangrail op de A7 by Leek. De man is op it plak ferstoarn. In 19-jierrige passazjier rekke licht ferwûne. Hy is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)