Deadlik ûngelok yn Sint Anne

15 des 2008 - 11:20
  • De auto ried tsjin in beam (foto Aise van Beets)
  • Glêdens mooglik oarsaak (foto Aise van Beets)

By in ûngelok op de Stadhoudersweg yn Sint Anne is moandeitemoarn in man om it libben kaam. It giet om de bestjoerder fan in auto, dy't tsjin in beam ried. De man rekke dêrby sa slim ferwûne dat er op it plak fan it ûngelok ferstoarn is.

Hoewol't de krekte oarsaak noch net bekend is, giet de plysje der fanút dat in glêde dyk de oarsaak is. De identiteit fan de man is noch net bekend makke. Hy siet allinne yn 'e auto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)