Deadlik ûngelok yn Raerd

28 jan 2007 - 15:30

In 20-jierrige man út Raerd is sneontejûn omkaam by in oanriding. It ûngelok barde op de Snitserdyk yn Raerd tusken de 20-jierrige dy't op de fyts siet en in 26-jierrige automobilist, ek út Raerd. Troch de oanriding rekke de 20-jierrige swier ferwûne. De automobilist belle de helptsjinsten en joech earste help.

Ambulânsepersoniel hat besocht it slachtoffer te reanimearjen. Hy stoar lykwols op it plak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)