Deadlik ûngelok yn Hurdegaryp

04 maaie 2006 - 14:23

In 63-jierrige man út Surhuzum is woansdeitejûn om it libben kaam by in ûngelok yn Hurdegaryp. It slachtoffer fytste op de rydbaan fan de Ryksstrjitwei en foel dêr troch noch ûnbekende oarsaak om.

Op dat stuit kaam der krekt in auto oan, bestjoerd troch in 65-jierrige Ljouwerter. Hy koe de fytser net mear ûntwike. It slachtoffer is noch oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert, mar ferstoar dêr letter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)