Deadlik ûngelok yn Drachten

12 des 2003 - 00:00

In 27-jierrige man út Drachten is tongersdei by in ûngelok om it libben kommen. Op de Suderhegewei yn Drachten rekke de automobilist yn in slip doe't er mei hege snelheid by it ferkearsljocht fuortried. De wein botste op in ferkearsljocht, slingere oer de dyk en kaam ta stilstân tsjin in ferkearsboerd.

De brânwacht hat de oare ynsittende (in frou fan 26) út de auto helle. Se wie ferwûne en is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)