Deadlik ûngelok by Wynjewâld

26 okt 2014 - 09:49
  • De auto botste troch noch ûnbekende oarsaak tsjin in beam

By in auto-ûngelok op de Nije Heawei yn Wynjewâld is sneintemoarn betiid in 23-jierrige ynwenner fan dat plak om it libben kaam. Twa oaren rekken ferwûne. Dat binne in 21-jierrige ynwenner fan Wynjewâld en in 21-jierrige man út Hoarnstersweach.

Dizze lêste rekke swier ferwûne en moast nei it UMCG yn Grins. De oar hie lichte ferwûnings en is nei it sikehûs yn Drachten brocht. De trije botsten mei harren auto tsjin in beam. It is noch net dúdlik hoe't dat barre koe. It 23-jierrige slachtoffer is op it plak fan it ûngelok stoarn.

De bestjoerder is in bloedproef ôfnommen, omdat de plysje tinkt dat er dronken hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)