Deadlik ûngelok by Wjelsryp

26 jul 2007 - 15:08
  • Ravaazje mei ûngelok op krúspunt by Wjelsryp
  • De auto fan 'e man út Grootebroek

By in ûngelok by Wjelsryp is tongersdei in man út it Noard-Hollânske Grooteboek dearekke. De 69-jierrige man soe út 'e rjochting Wjelsryp de dyk nei Frjentsjer oerstekke, omdat er in camping socht. By it oerstekken seach er in auto oer de holle dy't fan 'e kant fan Winsum komt.

It slachtoffer is troch de brânwacht út 'e auto helle. Yn it sikehûs yn Ljouwert is er letter ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)