Deadlik ûngelok by Tsjerkwert

12 aug 2013 - 21:57
  • By in earnstich ûngelok yn Tsjerkwert is moandeitejûn in man om it libben kaam

By Tsjerkwert is moandeitejûn in 64-jierige autobestjoerder út Dedzjum om it libben kaam by in iensidich ûngelok. Op de Himdyk tusken Tjerkwert en Blauhûs rekke de man mei de auto fan de dyk en bedarre yn de boskjes. It slachtoffer ferstoar op it plak fan it ûngelok.

Neffens de plysje is de man achter it stjoer net goed wurden, wêrtroch't er fan de dyk rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)