Deadlik ûngelok spoar Harns

07 sep 2007 - 14:45

In frou fan 80 út Harns is freed oan it begjin fan de middei omkaam by in ûngelok. Se waard op de spoaroergong yn de Westerseedyk yn Harns oanriden troch in trein. De frou ried yn har invalidekarre de spoaroergong op, op it momint dat de bomen al ticht wienen. Wêrom se dat die is net dúdlik. De plysje ûndersiket it.

Troch it ûngelok hat it treinferkear tusken it stasjon en de haven in skoft stillein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)