Deadlik ûngelok by Sint Nyk

23 maaie 2005 - 17:50

In man fan 24 út Langwar is dit wykein om it libben kommen by in ûngelok by Sint Nyk. It slachtoffer ferlear op de Langwarderdyk de macht oer it stjoer en botste mei syn auto tsjin in beam. Hy ferstoar op it plak sels oan syn ferwûnings.

In man fan 20 út Langwar, dy't ek yn de auto siet, rekke ferwûne. Hy is opnommen yn it Antoniussikehûs yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)