Deadlik ûngelok mei scootmobyl

12 aug 2013 - 20:57
  • Deadlik ûngelok by it Prinses Magrietkanaal yn Kootstertille

Yn Koatstertille hat moandeitejûn in deadlik ûngelok west, doe't in 75-jierige man yn syn wenplak yn it wetter rekke mei syn scootmobyl. It slachtoffer stie te praten mei in pear manlju dy't oan it fiskjen wiene. Doe't er fuortried, rekke er mei de scootmobyl fan 'e dyk en bedarre yn it Prinses Magrietkanaal. Omstanners hawwe de man út it wetter helle en besocht te reanimearjen. De man is op it plak fan it ûngelok ferstoarn.

De oarsaak fan it ûngelok is net bekend. It analyzeteam docht noch ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)