Deadlik ûngelok Fryske skipper

16 feb 2014 - 18:49
  • Fryske skipper omkaam yn Rotterdam

By in kontenerterminal yn de haven fan Rotterdam is sneintemiddei in 56-jierrige binnenfeartskipper út Ljouwert troch in ûngelok om it libben kaam. In stik stiel foel út in kraan en kaam op de stjoerhutte fan it skip fan it slachtoffer telâne. De Ljouwerter is troch de klap ferstoarn.

Syn 60-jierrige frou en in meiwurker fan de terminal rekken ferwûne by it ûngelok. Se binne oerbrocht nei it sikehûs. Oer de tadracht fan it ûngelok is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)