Deadlik ûngelok by Follegea

18 jun 2003 - 00:00

Op de N354 tusken Follegea en Spannenburch is tiisdeitemiddei in automobiliste om it libben kaam. It giet om in 52-jierrige frou fan De Lemmer. De frou ried yn in bestelauto yn de rjochting fan De Lemmer en kaam op de linkerhelte fan de dyk telâne.

Se botste dêr frontaal op in frachtwein. De sjauffeur, in man út Koudum (59), hat noch besocht út te wiken. It ferkear is tydlik omlaat oer de parallelwei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)