Deadlik ûngelok by De Tynje

07 jun 2004 - 00:00

In frou fan 74 út Aldehoarne is sneintejûn omkommen by in ferkearsûngelok by De Tynje. De frou siet by in 80-jierrige man yn de auto. De bestjoerder gie rjochttroch by in rotonde en botste dêrnei tsjin in beam.

De bestjoerder is swier ferwûne oerbrocht nei it sikehûs yn Hearrenfean en letter nei Grins. Neffens in tsjûge slingere de man al in skoftke oer de dyk en ride er mei goed hûndert kilometer yn it oere op de rotonde ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)