Deadlik ûngelok by Appelskea

12 mrt 2013 - 11:43
  • Traumahelikopter

By in slim ûngelok yn Appelskea is tiisdeitemoarn in fuotgonger om it libben kaam. It giet om in 84-jierrige ynwenner fan Easterwâlde. It slachtoffer waard op de Vaart Zuidzijde oanriden troch in automobilist.

Meardere helptsjinsten waarden oproppen en ek de traumahelikopter waard ynskeakele, mar it slachtoffer koe net mear rêden wurde en is op it plak fan it ûngelok ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)