Deadlik ûngelok by Aldeberkeap

08 mrt 2001 - 00:00

In 44-jierrige ynwenner fan Noardwâlde is woansdei om it libben kommen by in ferkearsûngelok. Op de Noordwolderweg fan Alderberkeap nei Sânhuzen kaam de automobilist op de linkerhelte fan de dyk en ried dêrnei tsjin in beam.

De man siet beknypt yn de wein en is op it plak fan it ûngemak ferstoarn. De brânwacht hat him út de auto helle. De oarsaak fan it ûngelok is ûndúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)