Deadlik firus besmet seehûnen

20 okt 2014 - 11:36
  • Seehûn

De kâns is grut dat seehûnen yn Fryslân besmet reitsje mei in deadlik ynfluenzafirus. De ôfrûne wiken binne hûnderten seehûnen dea oanspield by de Waadseekust yn Dútslân en Denemarken. Universiteiten yn Rotterdam en Hannover ha ûndersyk dien nei it firus.

Firolooch Ab Osterhaus wurke dêr ek oan mei. Neffens him stjerre de seehûnen oan in slimme longûntstekking. Hy ferwachtet net dat der sa'n massale seehûnestjerte komt as yn 1988 en 2002. Doe gie it om in soarte fan seehûnemûzels, it PDV-firus.

Op de strannen fan de eilannen Helgolân, Sylt, Amrum en Föhr binne de lêste trije wiken sa'n 350 slim sike of deade seehûnen oantroffen. Neffens saakkundigen is it seehûnebestân yn it gebiet net yn gefaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)