Deadlik bedriuwsûngelok Drachten

29 nov 2006 - 09:52

In 58-jierrige man út Drachten is woansdeitemoarn om it libben kommen by in bedriuwsûngelok yn syn wenplak. De man kaam fêst te sitten tusken in frachtwein en in laadperron. It is net bekend hoe't dat koe.

Help fan ambulânsepersoneel en de brânwacht kaam te let. Doe't de helptsjinsten kamen, wie de man al oan syn ferwûnings ferstoarn. De arbeidsynspeksje sil in ûndersyk ynstelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)