Deadlik auto-ûngelok

15 nov 2004 - 13:30

In 31-jierrige man út Drachtster Kompenije is sneintenacht ferstoarn nei in auto-ûngelok yn syn wenplak. De man kaam mei de auto yn de berm telâne. Nei alle gedachten hat er besocht de oare kant op te stjoeren en is er yn in slip rekke. De auto kaam ta stilstân tsjin in beam.

De bestjoerder is troch de brânwacht út de auto helle en oerbrocht nei it akademysk sikehûs yn Grins. Dêr is er stoarn oan syn ferwûnings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)