Deadlik ûngelok Aldeholtpea

10 jan 2012 - 19:48

By in iensidich ûngelok op de Stellingenweg ter hichte fan Aldeholtpea is tiisdeitejûn in bestjoerder (59) út Súdhorn om in libben kaam. Troch noch ûnbekende oarsaak is de bestjoerder tsjin in beam opriden. De man siet yn de auto beknipe en moast troch de brânwacht befrijd wurde. It mobyl medysk team is noch útrukt om him te helpen, mar de man is op it plak fan it ûngelok oan syn ferwûnings ferstoarn. De dyk tusken Wolvegea en Easterwâlde is ter hichte fan Aldeholtpea ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)