Deadebetinkings yn Fryslân

04 maaie 2014 - 09:30
  • Deadebetinking

Op ferskate plakken yn Fryslân binne snein deadebetinkings. Yn de Prinsetún yn Ljouwert is de provinsjale deadebetinking. Dêr wurde alle Fryske boargers en militêren betocht dy't sûnt it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch omkaam binne by oarlochsmisjes en fredesoperaasjes.

Op de betinking is ûnder oare in taspraak fan boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Sjongeres Iris Kroes sjongt as Fryske Ambassadeur fan de Frijheid foar de twa minuten stilte in spesjaal nûmer. De betinking begjint om 19.30 en is live op Omrop Fryslân radio en tv.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)