Deadebetinking yn Prinsetún

05 maaie 2014 - 07:49
  • Boargemaster Ferd Crone by de deadebetinking

Boargemaster Crone fan Ljouwert hat sneintejûn by de deadebetinking yn de Prinsetún ek omtinken jûn oan de yn Syrië fermoarde pater Frans van der Lugt. Neffens Crone is hy in foarbyld foar elk, omdat hy meilibje en mei-lije woe mei de minsken dêr't hy him al 40 jier mei ferbûn fielde. Hy neamde de ûnferdraachsumens en de útsluting yn ús lân, dy't noch altyd net fuort binne. Hy rôp op ta respekt foar elkoar en om elkoar de romte te jaan om jinsels te wêzen, om brêgen te bouwen en ferbinings te lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)