Deadebetinking yn Fryslân

04 maaie 2008 - 09:25

Rûnom yn de provinsje Fryslân wurdt der sneintejûn deadebetinking hâlden. Yn Ljouwert wurde alle Friezen betocht dy't yn de Twadde Wrâldoarloch omkamen.

Yn Snits wurdt de deadebetinking bywenne troch de soan fan de Ingelske oarlochspiloat Ken Mathews. Dy waard yn de nacht fan 20 op 21 oktober 1943 út 'e loft sketten boppe de Snitsermar. Syn fleantúch stoarte del yn de Goaiïngarypster Puollen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)