Deadebetinking santich jier nei befrijing

04 maaie 2015 - 19:28
  • Underweis nei de deadebetinking op it Saailân yn Ljouwert
  • Deadebetinking op it Wilhelminaplein yn Ljouwert

Rûnom yn Fryslân fûn moandeitejûn de jierlikse deadebetinkings plak. By de betinking op it Saailân yn Ljouwert wiene achttjin âld-militêren út Kanada oanwêzich. Op tal fan oare plakken yn Fryslân wurdt ek stilstien by de omkommen minsken yn de oarloch. It is dit jier santich jier ferlyn dat Nederlân befrijd waard.

De provinsjale deadebetinking yn Ljouwert is live te folgjen by Omrop Fryslân, op radio, telefyzje en op ynternet. It begjint om 19.30 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)