Deade by ûngelok by Wommels

17 jul 2014 - 15:27
  • Deadlik ûngelok Wommels
  • In ûngelok op de Westergoawei
  • Deade by ûngelok by Wommels
  • Deade by ûngelok by Wommels

By in slim ûngelok op de Westergoawei by Wommels is tongersdeitemiddei in 81-jierrige frou út Littenseradiel ferstoarn en binne fjouwer minsken ferwûne rekke. Op de krusing fan de N359 mei de dyk nei Waaksens/Lollum kamen in bestelbus en in auto mei elkoar yn botsing.

De ferwûnen binne in 82-jierrige man út Littens en twa froulju fan 28 út Dronryp en Menaam. Oer de fjirde ferwûne is neat bekend. Meardere ambulânses en in traumahelikopter wienen te plak. De dyk wie oeren ôfsletten yn ferbân mei de helpferliening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)