Deade by ûngelok Frisia Harns

08 feb 2011 - 11:17

By sâltfabryk Frisia yn Harns wurdt tiisdeitemiddei om 2 oere, by it wikseljen fan de ploegen, stilstien by it ferstjerren fan in 23-jierrige wurknimmer fan it bedriuw. De man fan 23 jier út Oranjewâld rekke moandeitejûn beknypt yn in masine en ferstoar oan syn ferwûnings. Kollega's fan de man binne ferslein troch wat der gebeurd is. Daliks nei it ûngelok hat slachtofferhelp noch mei harren praten. Dêr is tiisdei opnij romte foar. De arbeidsynspeksje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)