Deade by ûngelok Boelensleane

31 maaie 2008 - 13:43
  • foto: Erwin Dooren
  • Helptsjinsten op it plak fan it ûngelok

In 32-jierrige ynwenner fan Burdaard is freed om it libben kaam by in ûngelok yn Boelensloane. Op 'e Langewyk botste er op in bestelauto. Dy waard bestjoerd troch in 52-jierrige frou fan De Harkema.

De man moast troch de brânwacht út 'e auto knipt wurde. Hy is oerbrocht nei it UMCG yn Grins en is dêr ferstoarn. De bestjoerster fan 'e bestelwein is mei ferwûnings nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)