Deade by ûngelok

05 jan 2003 - 00:00

In jonge automobilist (20) út Easterwâlde is sneontejûn om it libben kommen by in ûngelok tusken syn wenplak en Wynjewâld. Yn in skerpe bocht fleach er tsjin in beam en kaam yn it wetter telâne. Dûkers fan de brânwacht hawwe hast in oere om it slachtoffer socht.

In 18-jierrige meirider, ek út Easterwâlde, koe sels út de auto komme. De dyk hat in skoft ôfsluten west foar it ferkear. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)