Deade by trekkerûngelok

14 jun 2014 - 18:06
  • Helptsjinsten by deadlik trekkerûngelok by Nij Beets

In man fan 32 jier út Nij Beets is sneon om it libben kommen by in trekkerûngelok. De man wie oan it helpen in ko út it wetter te heljen. Hy stie neist in trekker en joech de bestjoerder oanwizings. De trekker sakke fuort en glied yn de sleat. It slachtoffer kaam ûnder de trekker telâne.

Omstanners besochten de man te helpen, mar dat slagge net. De helptsjinsten koene de man ek net mear rêde. Oan de minsken dy't by it ûngelok wiene, is slachtofferhelp jûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)