Deade by treinûngelok Wurdum

24 mrt 2010 - 19:03

By de spoaroergong by Werpsterhoeke by Ljouwert is woansdeitemiddei tsjin seis oer in bestelauto ûnder de trein kommen. Dêrby is de froulike bestjoerster (47) om it libben kaam. Sy wie de iennichste ynsittende fan de auto. Op it momint fan it ûngelok passearden twa treinen inoar by de oergong.

Foar it treinferkear betsjutte it dat der de rest fan de dei gjin treinen mar bussen rieden tusken Ljouwert en Akkrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)