Deade by slim ûngelok

18 apr 2006 - 10:20

In 43-jierrige frou út De Gerdyk is snein om it libben kaam by in ûngelok yn Beetstersweach. Sân minsken rekken ferwûne, twa fan har sa slim dat se mei de traumahelikopter nei it sikehûs ta moasten.

De frou út De Gerdyk en in autobestjoerder út Den Bosch rekken mei-elkoar yn botsing. Yn dy auto siet in gesin mei trije bern. De brânwacht hat de slachtoffers út de auto's helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)