Deade siler út Eastsee helle

14 jul 2013 - 14:35
  • De Wylde Swan

De Sweedske kustwacht hat snein yn de Eastsee mei help fan in ûnderwetterrobot de fermiste opfarrende fan it sylskip de Wylde Swan út Makkum berge. De siler is ôfrûne wike ferstoarn by in rêdingsaksje op see. De Wylde Swan wie ûnderweis nei in Tall Ship race doe't se fan in Noarsk skip needsinjalen krigen. Trije bemanningsleden besochten it skip noch te rêden, mar dat mislearre. Twa opfarrenden fan de Wylde Swan koene noch op tiid fan board komme en de tredde net. It skip mei de siler lei op in djipte fan 55 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)