Deade seehûnen op eilannen

28 aug 2006 - 10:26

Op It Amelân likegoed as op Flylân is sneintemiddei in deade seehûn fûn. Neffens Lenie 't Hart fan de seehûnekresj yn Pieterburen is it oantal deade bisten dit jier opfallend. 't Hart tinkt dat de bisten te min iten hân ha en dat se dêrtroch ynfeksjes krigen ha.

Seksje moat dêr letter dizze wike mear dúdlikens oer jaan. Ek yn Seelân binne de ôfrûne dagen trije deade seehûnen fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)