Deade ringslangen op ´e Sweach

07 jul 2008 - 12:10
  • Groen hie de kontener fol slangen

De plysje docht ûndersyk nei de dea fan tsientallen ringslangen yn Beetstersweach. De wurkgroep amfibyen en reptilen Fryslân (WARF) beskuldiget Wieberen_Groen fan it deaslaan fan 18 slangen. Groen trof ferline wike 87 slangen yn syn tún. De man hat doe in grut part fan de slangen mei skeppe en heafoarke yn it Alddjip smiten.

In part fan de slangen hat dit net oerlibbe en waard dit wykein fûn troch in rekreant. De AID ûndersiket de saak op dit stuit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)