Deade poppe yn Akkrum

21 aug 2011 - 23:42
  • It hûs oan de Sinnebuorren (foto: Alex Zwart)

De plysje docht ûndersyk nei de dea fan in poppe fan seis moanne yn in wenning oan de Sinnebuorren yn Akkrum. Snein om healwei seizen krige de plysje de melding dat der wat mei de poppe wie. Doe't se dêr kamen, troffen se it famke oan. Der is besocht har te reanimearjen, mar dat slagge net.

De buorlju reagearje skokt op it ferstjerren fan de poppe. Neffens in buorfrou soe de poppe fan de bank ôffallen wêze en is der fan fertochte omstannichheden gjin sprake.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)