Deade ottter yn fiskfûke

12 okt 2012 - 13:38
  • Otter

Yn in fiskfûke yn de Tsjonger is in deade otter fûn. It bist is nei alle gedachten fêstrekke yn de fûke en hat himsels net rêde kind. De fûke wie útset troch ûndersyksburo Altenburg en Wymenga. It buro docht yn opdracht fan it Wetterskip Fryslân ûndersyk nei fiskmigraasje.

It Wetterskip hat yn plakken dêr't otterpopulaasjes sitte beropsfiskers oplein om saneamde stopgrids yn de fûken te dwaan, sadat de otters der net ynkomme kinne. Dat wurdt no ek regel foar takomstige ûndersiken mei fûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)