Deade otter op flechtstrook deunby nije faunapassaazje

08 sep 2015 - 17:40

Ottersaakkundige Harrie Bosma hat tiisdei te krijen hân mei in wat nuver tafal. Hy ried oer de A7 rjochting Drachten en sette tusken de ôfslach De Tynje en de ôfslach Nij Beets in bouboerd op 'e foto wêrop stie dat dêr wurke waard oan in faunapassaazje. It giet om in ferbining mei it Keningsdjip.

Faunapassaasjes binne wichtich foar otters om sûnder problemen grutte diken oer te stekken. De bliidskip fan Bosma hjir oer duorre net lang want by Koartehimmen lei der in deade otter op de flechtstrook. It gie om in behoarlik swier mantsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)