Deade otter fûn op de Wâldwei

20 sep 2011 - 17:21
  • De  deade otter

Op de Wâldwei by De Rottevalle is moandeitejûn in deade otter fûn. It is in jong wyfke fan in jier. Nei alle gedachten is it bist oanriden troch in auto. It Fryske Gea hat it meinaam nei it besikerssintrum yn Earnewâld. Dêr wurdt DNA ôfnaam om te sjen oft de otter in neikommeling is fan de otters dy't útset binne yn De Weerribben.

Neffens in meiwurker fan it Fryske Gea is it in unike fynst. Der wurde net in soad otters fûn yn dy regio, en wyfkes al hielendal net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)