Deade otter fûn by Garyp

22 okt 2009 - 19:45

Oan de noardkant fan Garyp is in deade otter fûn. It giet nei alle gedachten om in bist dat libbe yn de Alde Feanen. Dêr binne al earder spoaren fan de otter fûn.

It DNA-ûndersyk nei it bist is noch net klear, mar mooglik giet it om in neikommeling fan de útsette bisten yn de Wearribben. It gong om in folwoeksen mantsje fan 2 of 3 jier âld. Hoe't it bist deagongen is, is ek nei ûndersyk net dúdlik wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)