Deade oehoe nei Natuermuseum

21 jun 2013 - 13:28
  • Oehoe
  • Bern besjogge de oanriden oehoe

Ien fan de oehoe's út it Lauwersmargebiet is it ôfrûne wykein dea fûn by Lauwerssyl. De ûle wie oanriden. It bist is yntusken skonken oan Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert. Yn it Lauwersmargebiet is de ôfrûne jierren ferskate kearen in oehoe sjoen. Der is ien ûnderbrocht by de Fûgelhelling yn Oerterp. De oehoe yn it natuermuseum is de kommende tiid foar it publyk te sjen.

It bist hat in spanwiidte fan ien meter santich en is de grutste ûle fan Europa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)