Deade by oanfarring Iselmar

24 sep 2009 - 22:17

In 72-jierrige man út Urk is tongersdeitejûn op de Iselmar om it libben kaam. It slachtoffer fear op in jacht en kaam yn botsing mei in binnenfeartskip. It stoflik omskot fan de man waard fûn nei in grutte sykaksje fan dûkers, in helikopter en fiif rêdingsboaten.

In 19-jierrige opfarrende fan it jacht koe nei de oanfarring al gau troch in rêdingsboat út it wetter helle wurde. Hy wie ûnderkuolle en hat syn earm brutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)