Deade by motorûngelok yn Easterbierrum

15 nov 2014 - 22:30
  • Hoe't it motorûngelok barre koe wurdt noch ûndersocht

In 44-jierrige motorrider út Easterbierrum is sneontejûn om it libben kaam by in ûngelok yn syn wenplak. Dat wie op de Seedyk. In 38-jierrige man út Frjentsjer, dy't ek op de motor siet, rekke slim ferwûne. In foarbygonger seach de twa op strjitte lizzen en warskôge de helptsjinsten. De Easterbierrummer ferstoar op it plak fan it ûngelok.

De Frjentsjerter is mei de ambulânse earst nei Ljouwert, en letter nei it UMCG yn Grins ta brocht. It is net dúdlik hoe't it ûngelok krekt barre koe, dat wurdt snein fierder ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)