Deade man yn Grinzer Noarderhaven blykt Boalserter te wêzen

02 apr 2015 - 19:44
  • Noarderhaven yn Grins

De deade man dy't op 27 maart yn de Noarderhaven yn Grins fûn waard, blykt in Boalserter te wêzen. Dat meldt it Dagblad van het Noorden. De plysje hat de identiteit fan de man troch DNA-ûndersyk fêststelle kind. De identifikaasje wie dreech, om't it lichem fan de man lange tiid yn it wetter lein hat.

De plysje hat net ûntdekke kind wannear't, wêr't en hoe't de man krekt yn it wetter bedarre is. Oanwizings foar in misdriuw binne der net. De plysje krige sa'n twa moannen lyn al in melding dat der in persoan yn de Noarderhaven lizze soe.

Tsjûgen soene ien om help roppen heard ha. Helptsjinsten sochten mei in dûkteam yn it wetter, mar fûnen doe neat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)