Deade man yn De Terp

25 jun 2013 - 23:01
  • De Terp leit flakby NHL en Stenden

Der is moandeitejûn in deade man fûn yn soarchopfang De Terp yn Ljouwert. Omdat it mooglik om in misdriuw giet, wurdt der seksje op it stoflik omskot ferrjochte. De man is in bekende yn de Terp. Hy makke wol faker gebrûk fan de opfang. Foar de oare gebrûkers fan de opfang is slachtofferhelp regele.

De plysje kin noch net folle fertelle oer de tadracht. Der is in team mei dwaande om alles út te sykjen

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)