Deade man is net fermoarde

24 feb 2004 - 00:00

De ynwenner fan Aldebildtsyl dy't ôfrûne wike dea yn 'e boskjes fûn is, is net fermoarde. Dat docht bliken út de earste útslaggen fan it Forensysk Ynstitút yn Rijswijk.

Yn Aldebildtsyl gûnze it sûnt de fynst fan it lyk fan de geruchten. De man soe om it libben brocht wêze fanwegen syn kontakten yn it drugssirkwy. De plysje hâldt foarearst in pear minsken op de saak om't der noch ûndersiken rinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)