Deade man fûn yn Snits

08 mrt 2013 - 15:09
  • Deade man yn Snits fûn
  • Strjitte ôfset nei fynst deade man yn snits
  • Deade man fûn yn Snits

Yn de Parkstrjitte yn Snits is freedtemiddei in deade man fûn. Hoe't de man om it libben kaam is, wurdt troch de plysje ûndersocht. Der is in fertochte oanhâlden foar mooglike belutsenheid by de dea fan it slachtoffer. It soe gean om in man fan yn de tweintich fan Somalyske komôf dy't op besite wie. De oanhâlden man is de bewenner fan it hûs.

De plysje hat de dyk by de flat ôfset. It ferkear hat der gjin hinder fan, want it is oan de achterkant fan it gebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)