Deade man fûn yn Harns

21 maaie 2013 - 08:56
  • It hús oan de Domela Nieuwenhuisstrjitte yn Harns
  • It hús dêr't de deade man fûn waard oan de Nieuwenhuisstrjitte yn Harns

In 34-jierrige man is moandeitenacht om 01.30 oere dea fûn yn syn hûs oan de Domela Nieuwenhuisstrjitte yn Harns. De plysje hat yn en om it hûs twa Harnzers fan 36 en 49 jier en in 52-jierrige frou út Makkum oanhâlden fanwege mooglike belutsenheid by de dea fan de man.

De plysje sprekt fan fertochte omstannichheden. Resjersjeurs en meiwurkers fan it Nederlands Forensisch Instituut ûndersykje de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)