Deade man fûn op Skylge

13 apr 2006 - 06:58

Op it strân fan Skylge is tiisdei it stoflik omskot fan in man fûn. De identiteit is ûnbekend. It lichem is nei Ljouwert brocht. Mei de DNAdatabank fan de plysje wurdt besocht syn identiteit te achterheljen.

Mooglik giet it om de man dy't begjin febrewaris op de Noardsee boppe de Waadeilannen fan in Russysk skip oerboard slein is. Der is doe oeren om 'e nocht socht nei de man. Hy hie gjin beskermjende klean oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)